Van Anholt ferlingt kontrakt

Pele van Anholt © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Ferdigener Pele van Anholt hat syn kontrakt by SC Hearrenfean ferlingd oant en mei healwei 2016. Dat hat de fuotbalklup tiisdei bekend makke. De 22-jierrige Snitser komt út de eigen jeugdoplieding fan SC Hearrenfean en makke yn oktober 2011 syn debút yn it earste alvetal.
Van Anholt spile oant no ta sechstich offisjele wedstriden, dêr''t er ien kear yn skoarde.