Sûnensklachten oer PUR

It Meldpunt PUR-slachtoffers makket him soargen oer it ûndersyk nei de PUR-klachten yn de Krûdebuert op It Hearrenfean. De GGD hat ûndersyk dien yn de buert, omdat in soad minsken dêr sûnensklachten hawwe. Dy ûntstiene neffens de bewenners neidat de huzen better isolearre wiene. Dat barde ein 2011, begjin 2012.
Fan de 47 minsken mei sûnensklachten, binne tsien trochstjoerd nei in longarts. De GGD hat gjin redenen jûn wêrom't de oare 37 net trochstjoerd binne. It Meldpunt PUR-slachtoffers wol dat der mear iepenheid komt oer it ûndersyk.
It ûndersyk wurdt dien yn opdracht fan wenningkorporaasje WoonFriesland troch de GGD en Bureau Landstra. WoonFriesland fynt dat der genôch iepenheid is.