Tryater spilet Nederlânsk stik

Ontsnapping naar de Oost © Jelle F. Post
Tryater komt mei in folslein Nederlânsktalich stik. De foarstelling 'Ontsnapping naar de Oost' slút oan op it Kunstmenu-tema De Gouden Ieu. It sil spile wurde foar alle Ljouwerter basisskoallen. Dy hawwe frege om in Nederlânsktalich stik. Wol sil Liwwarders praat wurde yn it stik.
It stik wurdt spile yn de Kânselarij yn Ljouwert. Fan 21 oant 28 desimber is de foarstelling ek foar oar publyk te sjen. Tryater spilet wol faker Nederlânsktalige produksjes yn Ljouwert, Harns en de Stellingwerven, om't se Fryske stikken dêr net goed kwyt kin.
Yn 2014 is deselde foarstelling yn de Fryske taal te sjen yn oare plakken yn Fryslân.