Ofbaarnde mûne kriget foarm

01 okt 2013 - 11:10

Yn Boerum is tiisdei in begjin makke mei it opbouwen fan de ôfbaarnde mûne Windlust. Mei in teleskoopkraan wurdt it achtkant op in ûnderstel delset. De mûne baarnde ferline jier mei Peaske oan de grûn ta ôf. De ûnderdielen fan 'e mûne binne yn it Gelderske Aalten op 'e nij makke troch in spesjaal bedriuw. It izerwurk hat de brân oerlibbe, mar it wie wol kromlutsen en moast wer tepas makke wurde.

Yn Boerum binne de fundearrings ferstevige. It achtkant is yn in pakket mei nûmere balken op in djiplader nei Boerum ferfierd en dêr yn-inoar set.

Trefwurden: 
Boerum Windlust
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)