Ljouwerter dûm nei stellerij

01 okt 2013 - 10:56

In 30-jierrige Ljouwerter is moandeitemiddei oanhâlden foar stellerij út in winkel oan de Abe Lenstra Boulevard op It Hearrenfean. De man waard trapearre doe't er in blikje drinken stelle woe. By de plysje wie er al bekend foar stellerij. De Ljouwerter waard poer en dûm doe't de plysje him oanhâlde soe. Hy is oerbrocht nei it buro en sit noch fêst oant der fierder ûndersyk dien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)