Auto yn beslach naam op A7

01 okt 2013 - 10:53
Plysje-embleem - Foto: ANP

De plysje hat moandeitejûn op de A7 by Beetstersweach de auto fan in 36-jierrige man út Stienwyk yn beslach naam. De man waard foar de tredde kear trapearre op it riden sûnder jildich rydbewiis. Dat wie foar de plysje reden om beslach te lizzen op de auto. De man is nei it stasjon op It Hearrenfean brocht, sadat er mei de trein nei hûs ta koe.

Trefwurden: 
A7 Beetstersweach yn beslach
(Advertinsje)
(Advertinsje)