CDA: Fryslân as suvelknooppunt

It CDA wol fan Fryslân in mondiaal suvelknooppunt meitsje. Neffens de partij binne der op it stuit alle wiken sawat hûndert fakatueres yn de suvelsektor. Op termyn kinne dat twatûzen wurde. Yn Fryslân wurdt al ynset op in gearwurking tusken ûnderwiis, polityk, fakbeweging en ûndernimmers.
It CDA wol dat proses fersnelle en útwreidzje. Dêrfoar moat der neffens de partij 17 miljoen euro op it kleed komme.