Froulju lêstichfallen yn bosk

30 sep 2013 - 18:52

De plysje siket in jonge dy't sneintemiddei yn it Balkster Bosk syn geslachtsdiel oan ferskate froulju sjen litten hat. De slachtoffers beskriuwe de dieder as in jonge fan 16 jier mei pûkels en donkerblond hier.

Hy ried op in donkere fyts en hy hie blauwe klean oan. Der binne trije oanjeftes tsjin de jonge dien.

Trefwurden: 
plysje Balk bosk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)