Crone eareboarger Changzhou

Ferd Crone, boargemaster fan Ljouwert © ANP
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is ôfrûne snein útroppen ta eareboarger fan de Sineeske provinsje Changzhou. Ljouwert hat sûnt twa jier in freonskipsbân mei Liyang, de grutste stêd fan Changzhou. Crone hat it eareboargerskip ûnder oare krige foar syn ynset foar de bettere hannelsrelaasje mei de stêd.
Njonken Crone hawwe noch alve oare persoanen dizze ûnderskieding krigen.