'Taal Twadde Keamer ûnfoech'

Foarsitter Anouchka van Miltenburg fan de Twadde Keamer soe faker yngripe moatte as yn it parlemint misledigjende of ûnfatsoenlike útspraken dien wurde. Dat seit PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea. Neffens har eigen sizzen skammet Jacobi har geregeld foar it taalgebrûk fan guon fan har kollega's yn de Twadde Keamer. Dat is net netsjes en jout gjin goed foarbyld oan folk en jongerein, sa fynt Jacobi.
De ôfrûne wike waarden by de algemiene skôgings wer skerpe útspraken dien.
By Omrop Fryslân giet op moandei 30 septimber De Reade Tried oer it tanimmen fan ûnfoege en misledigjende taal yn de Twadde Keamer en op oare plakken yn it iepenbiere libben.