Lauwersmariten mear promoatsje

30 sep 2013 - 12:18

De Lauwersmar stiet foaral bekend as rekreaasjegebiet. Mar der wurde ek in soad streekprodukten makke, foaral troch lytsskalige ûndernimmers dy 't wol wat mear omtinken foar harren hannel hawwe wolle. Dêrom wurdt moandei mei de klipper Najade allerhanne streekprodukten fanút Sâltkamp nei de stêd Grins brocht.

Alles yn it ramt fan De week van de Smaak dy 't moandei begûn. Tiisdei wurdt yn Grins in spesjale priuwerij hâlden dêr't de ynwenners fan de stêd yn de kunde komme kinne mei de produkten út it Lauwersmargebiet.

By de produkten giet it ûnder oare om tsiis, mar ek om biologysk flein.

Trefwurden: 
Lauwersmar streekprodukten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)