Fryske Marren: 116 nije wenten

30 sep 2013 - 11:51

It tal wenten yn de nije gemeente de Fryske Marren is yn de earste helte fan dit jier mei 116 tanommen. It giet om útienrinnende wenningtypes, yn sawol it hier- as keapsegmint. Dat stiet yn de wenningmerkanalyze fan de Fryske Marren.

De ôfrûne moannen binne der wenten oplevere yn bijgelyks Balk en op De Lemmer. Op provinsjaal nivo presteart de gemeente goed as it giet om de groei fan it tal nijbouwenten. Itselde jldt foar gemeenten as Ljouwert en Súdwest-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)