Gjin finale shorttrackmanlju

29 sep 2013 - 18:55

De Nederlânske shorttrackmanlju binne der snein op it ûnderdiel ôflossing by de wrâldbekerwedstriid yn Shanghai net yn slagge de finale te heljen. Daan Breeuwsma, Niels Kerstholt, Freek van der Wart en Christiaan Bökkerink einigen as twadde yn de B-finale, goed foar it sechsde plak. Sjinkie Knegt kaam net yn aksje. De Bantegeaster revalidearret noch fan syn knibbeloperaasje, dy't er ein augustus ûndergong. It goud op de ôflossing wie foar de manlju fan Amearika.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)