Wer winst LDODK en De Hoeve
LDODK hat snein de tredde oerwinning yn de haadklasse A pakt troch mei 24-17 te winnen yn en tsjin Wageningen. De tredde oerwinning wie der ek foar De Hoeve dat mei 16-14 te sterk wie foar AWDTV. Mid-Fryslân kaam net fierder as in 15-15 lykspul tsjin Ons Eibernest. SCO koe it krekt net oprêde tsjin Groen Geel. Thús waard mei 13-12 ferlern.