Trainers tefreden oer duel

Wêr't der by Marco van Basten ferromming wie nei ôfrin fan de wedstriid, stie Dwight Lodeweges mei lege hannen. Dochs holden beide trainers in tefreden gefoel oer oan de Fryske derby. Van Basten seach syn ploech net de bêste wedstriid spyljen, mar wie wiis mei de trije punten.
Lodeweges wie benammen te sprekken oer de twadde helte, wêryn't de Ljouwerters baas wienen yn it Abe Lenstrastadion. Cambuur joech hast neat wei útsein de treffer fan Finnbogason. Lodeweges wie nei ôfrin tefreden oer it fertoande spul, mar ûntefreden mei de útslach.