Sykaksje op Burgumermar

29 sep 2013 - 15:07

Op de Burgumermar wurdt sneintemiddei sûnt in oere of twa socht nei in persoan dy't yn it wetter fallen is. Dêrby wurdt ûnder oare in traumahelikopter ynset, mar ek dûkers fan de brânwacht fan Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Jobbegea. Ek boaten - ûnder oare fan de jachthaven Swartkrús by Noardburgum - dogge mei.

It rivierke De Swimmer dat yn 'e Burgumermar útkomt, is op 'e hichte fan de Burgumer elektrisiteitssintrale ôfset yn ferbân mei de sykaksje. De plysje kin noch net oanjaan wat krekt bard is op it wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)