Hofstee wint NK Super Cup 1000

29 sep 2013 - 15:01

Yme Jan Hofstee is sneon op it TT-sirkwy yn Assen Nederlânsk kampioen OW Super Cup 1000 wurden. De 45-jierrige motorrider fan It Hearrenfean begûn de lêste race fan it seizoen mei in lytse efterstân. Hofstee stie tredde yn it klassemint, mei noch twa slotraces te gean. Dêryn wist er op te klimmen nei it earste plak. Hofstee prolongearret dêrmei syn titel fan ferline jier.

(advertinsje)