Opstellings derby bekend

Abe Lenstrastadion foar de wedstriid © Omop Fryslân, Geert van Tuinen
By Hearrenfean stiet Nordfeldt yn de goal. De ferdigening wurdt foarme troch Van Anholt, Otigba, Dijks en Zomer. Op it middenfjild stean De Roon en Van den Berg, mei sintraal Ziyech. Yn de oanfal op rjochts fine wy Slagveer, lofts Van la Parra en yn de spits topskoarder Finnbogason.
By Cambuur stiet Nienhuis ûnder de latte. De ferdigening bestiet út Droste, Bijker, Leeuwin en Dijkstra. Op it middenfjild El Makrini, Bakker en Ritzmaier. Yn de oanfal fine wy rjochts Lukoki, op lofts Feldballe en sintraal yn de spits stiet Michiel Hemmen.
Yn totaal hat SC Hearrenfean trije fan de seis ûnderlinge duels yn de earedivyzje wûn. Ien kear wie der winst foar SC Cambuur en twa kear einige de wedstriid yn in lykspul.