Cambuurbussen tajuicht

29 sep 2013 - 12:55

De bussen mei Cambuursupporters dy't fan Ljouwert ûnderweis binne nei It Hearrenfean binne snein op ferskate plakken op de rûte tajuicht trocht belangstellenden. Guon minsken wiene op bushokjes klommen of sieten op fiadukten om nei de bussen te swaaien.

De bussen wurde begelaat troch ferkearsplysjes op motoaren. In plysjehelikopter hâldt de boel út de loft wei yn de gaten. Mei-elkoar wurde 26 bussen ynset. Dy binne yn trije groepen fan acht of njopggen by it WTC Expo yn Ljouwert weigongen.

Boargemaster Crone fan Ljouwert wie sels by it WTC oanwêzich, om mei de supporters te praten. Hy is sels mei syn tsjinsauto efter de bussen oanreizge.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur voetbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)