Befeiligingsmeiwurker slein

29 sep 2013 - 10:53

Op it Ruterskertier yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein in man fan 34 jier út Warkum oanhâlden foar mishanneling. De plysje waard alarmearre troch meiwurkers fan in kafee. Sy wiene dwaande mei in lestige besiker ûnder kontrole te hâlden. Doe't de plysje oankaam, die bliken dat in befeiligingsmeiwurker slein wie.

De fertochte is oerdroegen oan de plysje en meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)