De Twirre wint Slach om Makkum

Roeisloep Twirre fan Makkum
De 11e slach om Makkum is sneon in proai wurden foar roeisloep De Twirre. De manlju pakten op eigen wetter de winst mei in tiid fan 1 oere en 30 minuten. De Gouteyck fan de seefeartskoalle op Skylge waard twadde. De roeiers fan Anthony van Hoboken út Rotterdam einigen as tredde.
By de froulju gong de winst nei de roeisters fan d'Isela út Hattum, dy't in tiid fan 1 oere en rom 43 minuten klokten. Dêrmei wienen se fierwei de bêsten by de froulju. It twadde plak wie foar de roeisters fan De Beluga út Snits, tredde waard De Mac fan Harderwijk.