Gjin finales Fryske keatsers

28 sep 2013 - 18:18

Nei de goede start fan de Fryske keatsers sneon op de earste dei fan it ynternasjonale toernoai Llargueskeatsen yn België binne beide ploegen der net yn slagge harren te pleatsen foar de finales op snein. Winsum ferlear de twadde pûlwedstriid fan it Belgyske Baasroden. Easterein gong yn de twadde wedstriid ek ûnderút. De keatsers ferlearen mei 6-2 fan Kerksen en seagen ek in finaleplak oan harren noas foarby gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)