10-tûzen ballonnen by wedstryd

27 jan 2012 - 10:51

Der wurde sneon foar de fuotbalwedstryd Hearrenfean - Utrecht 10-tûzen ballonnen oplitten. De ballonnen binne kocht troch bedriuwen en partikulieren. Dêrmei is in bedrach fan hast 19-tûzen euro ophelle foar KIKA.

It jild wurdt brûkt foar ûndersyk nei behanneling fan bernekanker. Oan de ballonnen hinget ek in kaartsje fan de keaper. De ballon dy't it fierst fuort werom fûn wurdt wint in ballonfeart foar twa persoanen. De aksje is in inisjatyf fan Ronde Tafel 68 Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)