ONS ferliest fan Barendrecht

Topklasser ONS Boso Snits hat sneon mei 2-1 ferlern fan Barendrecht. Op it Sudersportpark kamen de Snitsers al nei 2 minuten op efterstân. Arnold Herder wie foar it skoft ticht by de lykmakker, mar syn ôfstânsskot waard opkeard troch de Barendrechtske keeper.
Nei rêst wie it wol rekke foar Herder, dy't ONS mei in útkynd skot op 1-1 sette. Lang koe it publyk lykwols net genietsje, want út de counter wie it opnij Barendrecht dat de marzje werstelde. Chris de Wagt krige yn de 90e minút de kâns op de lykmakker, mar syn skot gie foardel.
De ploech fan Bert Hollander bliuwt troch it ferlies heakjen op twa oerwinnings út seis wedstriden en stiet op it tolfde plak. Nije wike nimt ONS Snits it om 14.30 oere op yn en tsjin Capelle.