124 bonnen foar ferljochting

© Omrop Fryslân
Op meardere plakken yn Ljouwert hat de plysje tongersdei de ferljochting fan fytsers kontrolearre. Dat wie op de Frouwepoartsbrêge, de Skrâns en it Hoeksterein. Meielkoar waarden 124 fytsers op 'e bon slingere omdat har ferljochting net yn oarder wie.
In skrale treast wie dat sy fan Veilig Verkeer Nederland in ferljochtingsset krigen. Dy wurke ek mei oan de kontrôle.