Mei glês yn gesicht slein
Yn Harns is sneontemoarn betiid in Seisbierrumer oanhâlden dy't in oarenien mei in stikken glês yn it gesicht slein hie. Dat wie yn in kafee oan de Foarstrjitte. De plysje seach it ferwûne slachtoffer op strjitte. Hy en in tsjûge seine wa't de dieder wie. Dêrop waard de 22-jierrige Seisbierrumer oppakt. Hy sit noch fêst.
De plysje ûndersiket de mishanneling.