14 ferkearsboetes by Snits

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei by in kontrôle op de A7 by De Jouwer en Snits 14 boetes útskreaun. Dy giene ûnder oare nei automobilisten dy't gjin gurdle om hiene of bellen ûnder it riden. Ek waarden automobilisten betrape mei in fierste hege snelheid.
Ien bestjoerder hie 180 kilometer op de teller stean ynstee fan de tastiene 120. Omdat it om in begjinnend bestjoerder gie is syn rydbewiis ynnaam. Ek waard in Dútser betrape op te hurd riden. Hy ried 145 op in plak dêr't er mar 80 mocht.