Priis Wubbo Ockels op Skylge

Op it Springtijfestival op Skylge hat Wubbo Ockels de Springtij Award krigen. De priis giet altyd nei in persoan dy't him ynset foar in duorsume mienskip. Ockels rjochtet him mei syn ideeën oer wittenskip en technyk benammen op jongerein en dat is neffens de sjuery fan de Springtij Award tige wichtich foar de takomst. De winner kriget de priis sneontemoarn yn de Loods op Skylge.