Derek lûkt lanlik oandacht

Derek Buitenzorg, it hynder dat troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân rêden waard fan de slacht, lûkt ek lanlik oandacht. It twadde plak fan Derek yn de race fan ôfrûne sneon op Wolvegea is ek it SBS-programma Hart van Nederland net ûntgien. Takom sneintejûn is Derek dêr te sjen.
Neffens SBS stiet it ferhaal fan Derek ticht by de minsken en no't er ek noch in súksesfol draver driget te wurden is it hielendal aardich om te folgjen. Derek is sneintejûn te sjen yn de lette útstjoering fan Hart van Nederland.