Serious Request yn Westeinde

3FM Serious Request © Omrop Fryslân, Jaap Elzes
Yn de wyk Westeinde yn Ljouwert is sneontemoarn troch wethalder Henk Deinum de ôftraap jûn foar in aksje foar Serious Request. Yn de wyk wurde de kommende tiid ferskate aksjes hâlden. Sa is der in Fair, in kleanbeurs, in sirkusoptreden en in High Tea. Nei de ôftraap binne fuortendaliks de earste aktiviteiten begûn, mei in sponsorloop, in estafette mei hindernissen en autolûken.
De aksje Serious Request einiget dit jier mei it tradisjonele Glêzen Hûs op it fernijde Saailân yn Ljouwert. De opbringst giet nei de bestriding fan diarree by bern.