Wurkstraf foar net winske tút

© ANP XTRA
In 37-jierrige Harnzer hat in wurkstraf fan 130 oere krigen, omdat er yn 2008 in skjinmakster yn it MCL yn Ljouwert in tút joech, wylst sy dat net woe. Earder waard de Harnzer al feroardiele foar ferkrêfting yn dizze saak. De Hege Rie kaam ta de konklúzje dat it gjin ferkrêfting wie. De rjochtbank yn Ljouwert hat de saak dêrom no oerdien en hat no it fûnis 'wurkstraf' útsprutsen.