Gerrie Dantuma troch yn TVOH

28 sep 2013 - 08:06

Gerrie Dantuma fan Stiens is opnij in ronde fierder yn it populêre televyzjeprogramma The Voice of Holland op RTL4. Yn de saneamde 'blind audition' fan de 29-jierrige sjongeres woene alle fjouwer sjueryleden har yn harren team hawwe. Se hat keazen foar Marco Borsato as coach.

Ferline jier ferlear Gerrie it streekrjochte duel tsjin de úteinlike winneres fan it programma, Leona Philippo. Doe siet se yn it team fan Trijntje Oosterhuis. It bruorke fan Gerrie, Gerard, die dit jier ek mei, mar hy gie net troch.

Trefwurden: 
TVOH Gerrie Dantuma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)