Tsjerke Húns opnij iepene

27 sep 2013 - 20:15

Fryslân hat der wer in pronkje by. De mear as 800 jier âlde Nicolaestsjerke fan Húns is restaureard en opnij yn gebrûk naam troch de PKN-gemeente Húns/Leons.

De tsjerke is wichtich foar it hiele doarp, want der bart folle mear yn it gebou as allinnich mar tsjerketsjinsten. Der is sân jier praat en wurke oan de tsjerke en it hôf. It oargel út 1875 hat ek in opknapbeurt krigen.

De restauraasje hat mei-inoar 4,5 ton koste. De fernijde tsjerke is offisjeel iepene troch boargemaster Liemburg fan Littenseradiel.

Trefwurden: 
tsjerke Littenseradiel Húns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)