Boeren meie guozzen ferjeie

Boeren meie guozzen dy't hjir winterdeis hinne komme, yn novimber en desimber gewoan ferjeie as dy bûten de spesjale guozzefoeraazjeargebieten sitte. Earder hie boere-organisaasje LTO noch mei de natoerorganisaasjes en de provinsjes ôfpraat de winterguozzen fan 1 novimber ôf gewurde te litten, mar de efterban fan de LTO is sa fier noch net.
Dêrom giet de maatregel no pas op 1 jannewaris yn. It ferjeien fan de guozzen bart no ek wol troch jagers.
De provinsjes, boeren en natoerorganisaasjes binne it iens wurden oer in oergongsregeling foar boeren dy't no betelle wurde om de guozzen op te fangen. It wie noch net dúdlik hoe't dat yn de takomst krekt regele wurde soe en boeren by wa't de hjoeddeistige ôfspraken dit jier ferrûnen, wiene dêr ûngerest oer.