SC Hearrenfean hielendal fit

27 sep 2013 - 17:13

Hearrenfeantrainer Marco van Basten kin foar de derby tsjin SC Cambuur beskikke oer in folslein fitte seleksje. De ferwachting is dat ferdediger Arnold Kruiswijk fit genôch is om mei te dwaan. Kruiswijk koe tsjin Twente troch in ljiskblessuere net yn aksje komme. Magnus Eikrem koe tsjin Twente net de hiele wedstriid meidwaan, mar is der snein gewoan by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)