Needferoardering om wedstriid

27 sep 2013 - 14:55

De gemeente Hearrenfean stelt yn ferbân mei de wedstriid Hearrenfean-Cambuur in needferoardering yn. Dy jildt fan freedtejûn seis oere oant sneintejûn acht oere. Supporters fan Cambuur meie yn dy tiid net bûten de buskombinaasje as supporter op strjitte wêze.

Boargemaster Van der Zwan set it middel yn om mooglik opskuor foar te kommen. Neffens de boargemaster binne der yn de ôfrûne dagen sinjalen kaam dat in hurde kearn fan fuotbalsupporters de konfrontaasje sykje wol.

Njonken de needferoardering is der ek ekstra kameratafersjoch yn it sintrum fan It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)