Wâldwei ticht om reparaasje

De Wâldwei tusken de Werpsterhoeke en Himriksein is no moandei 30 septimber tusken acht oere jûns en tiisdei 1 oktober sân oere moarns yn beide rjochtings ticht foar alle ferkear. It giet om in needreparaasje yn ferbân mei in fersakking yn it asfalt net fier fan de Wurdumerfeart.
Earder dit jier is it asfalt oanbrocht foar de Heak om Ljouwert. Undersyk moat útwize wat de oarsaak is fan de fersakking en hokker maatregels oft nedich binne.