Manlju gizele yn kafee

27 sep 2013 - 14:28

Twa manlju fan It Hearrenfean binne ôfrûne wike oanhâlden foar gizeling fan twa oare manlju fan 27 en 35 jier. De twa fertochten, in 43-jierrige en in 29-jierrige man, soene de twa slachtoffers oardel wike ferlyn fêsthâlden, bedrige en mishannele hawwe yn in kafee oan de Dimpte Molenwyk op It Hearrenfean.

De 43-jierrige fertochte is de kastlein. Hy moat noch twa wiken langer fêstsitte. De oare man is wer frijlitten, mar hy bliuwt wol fertochte.

Trefwurden: 
gizeling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)