Berging wrak by Flylân begûn

27 sep 2013 - 12:24

De earste stikken fan in skipswrak yn de fargeul benoarden Flylân binne boppe wetter helle. It giet om de boppeste helte fan it wrak. Dat bedriget de feiligens fan skippen dy't oer de Noardsee nei Harns of Flylân farre. De wrakstikken binne nei alle gedachten ôfkomstich fan de SS Millbank. Dat skip is yn 1866 by Flylân fergien.

Salang't it wurk duorret bliuwt oan de noardkant fan it wrak in stik farwetter fan 200 meter breed oer dêr't de skippen del kinne. It is it fjirde wrak dit jier dat Rykswettersteat (foar in diel) berget.

Trefwurden: 
Flylân wrak berging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)