Ambulânsepost wreidet út

De ambulânsepost fan Kijlstra yn Dokkum wurdt flink útwreide. Sikehûs Nij Smellinghe Drachten en Zorggroep Pasana hawwe opdracht jûn foar in grutte ferbouwing fan de post op it sikehûsterrein fan De Sionsberg. Op dy wize wurdt derfoar soarge dat de post oan alle easken fan 'e tiid foldocht. Der is tenei ek plak foar de auto fan de Dokterswacht.
De ferbouwing en útwreiding moat yn febrewaris takom jier klear wêze.