WK parkoers past by Weening

Pieter Weening begjint snein mei in protte nocht oan it wrâldkampioenskip op 'e dyk yn Toskane. It parkoers yn Italië tusken Lucca en Florence is dreech, mar benammen de omlopen yn Florence sille it ferskil meitsje. Boppedat wurdt der reinwetter ferwachte, nei in tiid fan droechte. Ofrûne sneon waard Weening noch twadde yn België. "Mei de foarm is it ynoarder", sei de winner fan de Ronde fan Poalen. "Yn de finale fan de 272 km sille der net in protte oerbliuwe." Weening is ien fan de njoggen hurdfytsers fan bûnscoach Johan Lammerts.
Ljouwerter Bauke Mollema is de kopman.