Kopman Mollema giet foar titel

26 sep 2013 - 20:20

Bauke Mollema is snein de kopman fan de njoggen man sterke Nederlânske ploech op it wrâldkampioenskip yn Italië. De Ljouwerter is der klear foar, mar ferwachtet ek in hiel dreech WK. De start is yn Lucca, nei goed 100 kilometer giet it fierder yn Florence. Dêr wurde tsien omlopen fan 16,5 kilometer ôflein. Yn dy omlopen sit ek klimwurk en dat makket dit WK oer 272 kilometer sa dreech. Mollema is dwaande mei in goed seizoen. Hy waard sechsde yn de Ronde fan Frankryk en wûn de 17e etappe yn de Ronde fan Spanje. Tiid om wurch te wêzen, past no net

Trefwurden: 
WK hurdfytsen Bauke Mollema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)