Bonnen by transportkontrôle

Motorplysje © ANP
By in transportkontrôle yn Drachten hat de plysje tongersdeitemiddei proses-ferbaal opmakke tsjin sân frachtweinsjauffeurs dy't mei in te swiere lading rieden. Twa sjauffeurs kamen mei 61 en 80 prosint fier boppe it maksimum út. Fiif oare sjauffeurs moasten in diel fan de lading op it kontrôleplak oerlade. Ek waarden der ferskate bonnen útdield foar it net goed byhâlden fan de tachograaf, it ûntbrekken fan in registraasjeskiif, fersliten bannen en in te hege lading. Ien sjauffeur siet achter it stjoer wylst syn rydbewiis ynnaam wie.