Auto op 'e kop yn 'e sleat

26 sep 2013 - 17:38

In 31-jierrige man út Droegeham is tongersdeitemoarn mei de auto op 'e kop yn in sleat belâne oan de Stukenwei yn Warten. In kraansjauffeur seach de auto en luts him op 'e kant. It slachtoffer moast troch de brânwacht út 'e auto helle wurde. De man is foar kontrôle nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De plysje docht noch ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Warten ferkearsûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)