Twangsom foar Blokker It Fean

26 sep 2013 - 17:22

De festiging fan Blokker oan de Jousterwei op It Hearrenfean krijt in twangsom oplein fan de gemeente om't se húshâldlike artikels ferkeapje. De Blokker-Tuin festiging mei allinnich saneamde 'volumineuze' artikelen ferkeapje. De festiging is nettsjinsteande petearen en warskôgings fan de gemeente dochs trochgong mei it ferkeapjen fan lytse artikels, dy't net yn it tún-konsept passe.

Fan 1 novimber ôf krijt de Blokker by oertreding fan de ôfspraken elke wike in twangsom fan fiif tûzen euro oplein.

Trefwurden: 
It Hearrenfean Blokker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)