Natoerbegraafplak by Nijhoarne

26 sep 2013 - 16:33

Nijhoarne krijt in natoerbegraafplak. Dat is in plak dêr't minsken yn de frije natuer begroeven wurde. It begraafplak is pland yn in âld stik produksjebos fan 11 hectare. B&W fan Hearrenfean hawwe de inisjatyfnimmers tastimming jûn om it plak fierder te ûntwikkeljen. Neffens Ab van Middelkoop, ien fan de inisjatyfnimmers fan it plan, is aanst hast net te sjen dat it om in begraafplak giet. De grêven wurde ûnopfallend markeard en lizze net neist elkoar. Ek wurdt der mar ien kear in persoan yn in grêf begroeven.

Nei de begraffenis nimt de natoer it wer oer. Nijehoarne is it earste Fryske doarp dat sa'n begraafplak krijt. Se besteane al yn Grins, Drinte en Gelderlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)