Ferbod op it jeien op katten

26 sep 2013 - 14:33

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei trije manlju steande hâlden omdat se mysterieuze buorden ophongen yn Ljouwert. Ut ûndersyk fan de plysje hat bliken dat it in stunt wie fan in reklameburo út Amsterdam. Op de buorden wiene in kat en in jager te sjen mei in reade râne dêr omhinne.

Wat it bedriuw mei de buorden woe, is net dúdlik. Omdat der gjin fergunning wie foar it ophingjen, moasten de manlju alles wer fuorthelje. Dat hawwe se neffens de plysje dien.

Trefwurden: 
Ljouwert katten jeie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)