Ien mediabedriuw yn it noarden

De trije noardlike omroppen wurde mooglik ien grut mediabedriuw. Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe krije dêr dan elk har eigen, selsstannich plak yn. It is in fierdere útwurking fan it plan fan alle 13 regionale omroppen om ta fiif mediabedriuwen te kommen. Dat plan waard woansdei presintearre op in kongres ta gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan ROOS, it gearwurkingsferbân fan de regio-omroppen.
De NPO, de Publieke Omroep, wol de regionale en publieke omroppen gearfoegje ta ien media-tsjinst. Dat betsjut de ein fan de omroppen.
ROOS is fûl op dy plannen tsjin en kaam dêrom mei syn eigen plan. It is de bedoeling dat de trije noardlike omroppen elts har eigen redaksje en stjoerder hâlde.