Brêgewippers ferdwine

26 sep 2013 - 14:11

In soad Fryske brêgen wurde aanst net mear mei de hân iepene, mar fia in ôfstânsbetsjinning. It giet yn earste ynstânsje om alle brêgen fan de provinsje. Brêgen kinne dan faker iepen en ek op fêstere tiden as dat no it gefal is. Foar brêgewippers betsjut dit dat sy folle mear wurkje fanút sintrale lokaasjes.

Der komt in oantal fêste betsjinningslokaasjes yn Fryslân, lykas Twellegea, de Tsjerk Hiddesslûs yn Harns en de Johan Frisoslûs yn Starum. De automatisearring kostet hast fjouwer miljoen euro.

Dat jild is nedich foar de oanskaf fan kamera's, monitoaren en netwurkapparatuer. Ek binne nije skakelkasten, glêsfezel en kabels nedich. It wurk begjint takom jier en moat yn 2017 klear wêze. De provinsje is noch yn petear mei gemeenten en it Ryk om ek dy brêgen op it nije netwurk oan te sluten.

Trefwurden: 
brêgewipper
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)