Merkmaster De Jouwer hâldt op

26 sep 2013 - 13:06

Nei 25 jier hâldt merkmaster Piet Klompmaker fan De Jouwer der mei op. Net it maklikste baantsje, want goed 250 keaplju wol allegearre it bêste plakje yn de Midstrjitte. Dy keaplju ha ek noed oer de takomst. Want it is noch net dúdlik wa 't Klompmaker opfolge sil.

Mooglik giet nei de organisaasje fan de merk, lykas op mear plakken, nei in kommersjeel buro. Neffens de keaplju draait it dan allinnich noch om de sinten. En dat soe wolris ferskraling fan it oanbod op de Jouster merk betsjutte kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)